Yn ferbân mei de thumb BUSiepening fan de Sintrale As yn de simmer fan 2016 is Doarpsbelang Sumar op syk nei kreative minsken. Tinkers, doggers en minsken dy’t op hokfoar manier harren kreativiteit as ynbring hjir oan ferbine wolle.

TINK NET!: ik bin net kreatyf en dit is neat foar my!
Der is ek ferlet fan minsken dy’t regelje wolle, kritysk sjen kinne en harren ynbring as miening jaan wolle. Hoe mear minsken, hoe mear ferskillende tinkwizen, hoe mear ferskate ideeën.
Wy sykje ek minsken foar de begelieding en fansels de kofje en broadsjes mei it ta útfier komme.

Der binne al wat tariedings yn gong setten, mar alle opsjes stean noch iepen.

Te tinken falt oan bygelyks:

* In teaterstik eft. mei muzyk en dûns.
* Kreative útspattingen yn de foarm fan keunst(ich).
* Skilderje, de natoer en it trajekt opfleurje as grutte byldzjende libbende skilderijen.

Alles is mooglik lit de tinzen de frije rin en kom mei ideeën.

Inkele foarbylden:

De streetdancers/gymnasten en de folksdûnsers kinne misskien wol in moaie dûns opfiere.
De beide korpsen, as in seleksje hjir fan, en it koor, kinne bygelyks gearwurkje oan in moai muzykstik.
De toanielspilers kinne yn gearwurking mei de jeugd fan Sumar in stik delsette.
Sporters kinne in foarstelling jaan oer harren sport.
In stikje skiednis delsette fan’e ôfrûne ieu troch middel fan foto’s en ferhalen troch de âlderein.
Ferhalefertellers oer wichtige mominten as bysûndere plakken fan Sumar
Skoallebern dy’t in moai dekôrstik meitsje wat as eftergûn tsjinnet.
Koart sein: foar en troch Sumarders! Foar jong en âld!

Thinking out of the box is wichtich!

Fanút Keunstwurk en de Sintrale As is begelieding oanwêzich en meie wy gebrûk meitsje fan harren tsjinsten, konneksjes en ekspertise. Wat Sumar delsette wol is it doarp sels regisseur yn.

Troch middel fan in busrûte reizigje besikers en belangstellenden oer it nije trajekt fan de Sintale As.Sumar is ien fan de plakken wêr by foldwaande belangstelling fanút it doarp sels in sichtlokaasje wêze sil. De útfieringsdatum binne al bekind en binne fan 3 oant en mei 15 July 2016.

Dit is in geweldige kâns om Sumar op de kaart te setten en yn de kunde te komme mei kultuer en de mienskip. It soe dochs spitich wêze dat de bus oan Sumar foarby rydt??

By foldwaande belangstelling wurdt der ynkoarten in gearkomste belein wêr alle ynformaasje en ideeën besprutsen wurde.

Meidwaan? Meitinke? as der mear oer witte? Dat kin troch te skiljen mei Froukje Boender fan Doarpsbelang Sumar T: 0511-521530 as in berichtsje fia dizze facebookside.

Top