thumb stipers sochtFanôf moandei 12 Oktober oant en mei  sneon 24 Oktober hâldt Toanielferiening Mei Nije Moed in donateur/stipeaksje fan doar oant doar yn Sumar.

De stipeaksje wurdt fersoarge troch de leden fan Toanielferiening Mei Nije Moed  en op fersyk kinne/moatte se jo harren ydentiteitskaart as persoansgegevens sjen litte.



Jo meie/kinne in frijwillige bydrage jaan,  as donateur wurde.
It stipebedrach kin je sels op de list ynfolje.
Donateur bin jo al foar  €10 yn it jier.

Toanielferiening Mei Nije Moed is fan doel yn it foarjier 2016 wer mei in stik foar de ynwenners fan Sumar en omkriten op de planken te stean.

Ha jo belangstelling om mei te spyljen, as lid te wurden?  dan kin jo dat ek oanjaan.
Nei de stipeaksje wurdt kontakt mei jo socht.

 

Top