thumb theater gordijnSa as jo/do lêze koene yn de lêste Koekoek foar de fakânsje, is der op 1 juny lêstlyn in spesjale fergadering west foar leden én net-leden fan de toanielferiening. Op dizze jûn kamen gelokkich in tal minsken op ôf dy’t fan miening binne dat Mei Nije Moed net ferdwine mei. Der binne wat ideeën op tafel kaam, dy’t no fjirdere útwurking hawwe moatte.



Fansels mei de groep dy’t Mei Nije Moed fjirder bringe wol/kin, fansels noch grutte wurde. “Hoe meer zielen, hoe meer vreugd”, sille wy mar sizze.

Dêrom noeget it bestjoer eltsenien út, sawol leden as net-leden om op woansdei 23 septimber nei doarpshûs De Kamp te kommen en om mei te praten oer de takomst.

 

Miskien wolst wol graach ris spylje, oft wolst graach wat betsjutte yn bygelyks de oanklaaiïng fan it dekôr, klean, smink/grime. Oft miskien wolst wol yn sit hawwe yn it bestjoer. Sa sjochst mar, wurk genôch. Mar boppeal moat it gesellich wêze!

Hawar, wy sykje minsken dy’t dizze moaie klup fjirder bringe wol.


De aginda foar dizze jûn sil wêze (graach de aginda meinimme):

1. Wolkom
2. Notulen 1 juny 2015
3. Bestjoersferkiezing
4. Finansjeel ferslach
5. Hoe no fjirder (wa wol spylje of oare wurksumheden dwaan)
6. Rûnfraach
7. Slúting

Wy hope jimme te sjen op 23 septimber om 20.00 oere yn De Kamp en nim gerêst in freon of freondinne mei dy’t belangstelling hat!

It bestjoer.

Top