thumb theater gordijnYn de lêste publikaasje fan april hat it bestjoer fan Mei Nije Moed in oprop dien oan alle Sumarders om yn aksje te kommen foar it behâldt fan de toanielklup yn Sumar. Spitich genôch hat der op it momint fan skriuwen (freed 8 maaie) noch net ien by it bestjoer oanmeldt om op ien oft oare wize ta stipe te wêzen… Konkreet betsjut dit, dat it ein yn sicht is foar de feriening dy’t yn 1980 it libbensljocht seach.



Op moandei 1 juny is der in spesjale gearkomste om 20.00 oere yn it doarpshûs De Kamp. Dizze jûn is eltsenien wolkom dy’t in plan hat of mei helpe kin om wer nije moed yn it amateurtoaniel fan Sumar te blazen.

De feriening siket enthousiaste minsken tusken de 15 – 75 jier dy’t:

 

  • spylje wolle (ienakter of jûnfoljend)
  • in sit hawwe wolle yn it bestjoer
  • in plan hawwe foar in moai stik (bygelyks oer: ds. Noordmans/Bintje Grietje Spaanderman-Wielinga/Knillis Wytzes)

    Mochten wy foar of op 1 juny fan net ien wat fernimme, dan sit der neat oars op om nei 35,5 jier de stekker út de organisaasje te lûken. De Sumarders sille dan nei de oare doarpen ta moatte foar toaniel… Mar safier lit Sumar it hopelik net komme!!??

    Wy sjogge jo/jimme graach (manmachtig) op moandei 1 juny om 20.00 oere yn De Kamp. Kinne jo/do dizze jûn net, mar wol graach ta stipe wêze? Dan kinne jo foar 1 juny ek tillefoanysk of per e-mail reageare.

    Ut namme fan it bestjoer,

    Berber Timmermans
    Tel. 06-40839262
    meinijemoed@live.nl

    Sjoch foar ynformaasje ek op ús webside: www.meinijemoed.nl
Top