thumb theater gordijnSûnt 1980 is toanielferiening Mei Nije Moed aktyf yn Sumar en binne der in protte prachtige foarstellings fersoarge.
Net allinnich yn Sumar, mar ek yn ferskate oare doarpen waard op fersyk spile.

 



Mei Nije Moed hat in soad hichtepunten mei makke; útferkochte jûnen yn it eigen Doarpshûs, meidwaan yn de allerheechste klasse fan de toanielkriich fan it STAF. It organisearjen fan de Ienakterfestivals yn Sumar, optredens tidens de strjitfestivals en de gastoptredens yn oare doarpen.

Djiptepunten wiene der ek, de lêste 2 seizoenen bygelyks moatsten de foarstellings, mei reden, ôfblaast wurde…
De tariedings yn 2014 (winterstik) en 2015 (iepenloft) wienen yn folle gong. Spitich genôch koe it wurk dat der troch safolle minsken al ynstutsen wie net ta útfier komme. 

Mei Nije Moed hat al jierren in lyts ledental en dat rint fjirder werom. Nije bestjoersleden binne dreech te finen.
Jo begripe, Mei Nije Moed hat it swier en it liket derop dat it doek nei 35,5 jier definityf falle sil!!!

Op de lêste ledenfergadering is it beslút naam om noch in lêste oprop te dwaan oan de Sumarders om de feriening krêft by te setten, op hokfoar wize dan ek.

Dus wa hat de moed om Mei Nije Moed nije moed yn te stekken?
 
Te tinken falt oan:
*In sit yn it bestjoer
*Spiler yn in jongerein- of âlderein ploech. (ûnderfining net in eask)
*In ienakterfestival / muzykteater
*It meitsjen fan in stik oer in ferneamde Sumarder (Ds. Noordmans, It Bintje)
*Ha jo sels in leuk idee foar in stik?

Koart sein: Kom mei jo ideeën en wa wit kin wy mei mekoar it ien en oar foar it fuotljocht bringe….

Foar 18 maaie wolle wy graach jo idee binnen hawwe.
Fernimme wy foar 18 maaie neat, dan is it dúdlik dat Sumar gjin ferlet hat oan in eigen toanielselskip  yn it doarp. Dan sit der foar it hjoeddeistige bestjoer en leden neat oars op dan dat it doek op 1 juny 2015, nei 35,5 jier definityf falt.
Dat soe dochs ivich spitich wêze. Der ferdwynt al safolle út de lytse doarpen.

Hooplik lit Sumar it net safier komme en sette wy mei syn allen de skouders der ûnder om ek yn de takomst moaie toanielstikken foar Sumar en omkriten del te setten.

Kom mei jo ideeën/oanmelding by it bestjoer:

Berber Timmermans
Tel. 06-40839262
meinijemoed@live.nl

Sjoch foar ynformaasje ek op ús webside: www.meinijemoed.nl

Freonlike Groetnis, 

It Bestjoer fan Mei Nije Moed

 

Top