Eastermar viert in 2014 het 100e geboortejaar van schrijver, dichter en verhalenverzamelaar Dam Jaarsma. Het hele jaar door worden er verschillende activiteiten georganiseerd. Van exposities, kuiertochten, klompenzeilen tot culturele avonden. Zie voor meer informatie ook de website www.damjaarsma.nl.

Elke zaterdagmiddag tot en met 13 september is er van 13:30 tot 16:30 een expositie in multifunctioneel centrum De Kjellingen en Koetshûs (Swartewei) in Eastermar. Iedereen is van harte uitgenodigd en welkom op deze expositie. De stichting 100 jaar Dam Jaarsma zou het erg leuk vinden als bekenden van Dam Jaarsma langs komen.

 

Zie hieronder het originele Friese bericht van de stichting 100 jaar Dam Jaarsma:  

 

 

Beste minsken,

 

Eastermar fiert yn 2014 it 100ste berte jier fan master-samler, skriuwer en bysûndere doarpsgenoat Dam Jaarsma. Troch it hiele jier wurde der tige ferskillende aktiviteiten organisearre. Fan eksposysjes (oant yn Amsterdam ta), kuiertochten, klomkesilen en kultuerele jûnen. Folle net genôch. Sjoch hjirfoar gerêst op ús website: www.damjaarsma.nl

 

Dam Jaarsma hat hast 17.000 (!) ferhalen optekene fan minsken út de Fryske Wâlden. Dizze minsken wiene syn ynformanten. Der wiene wol 760 ynformanten! Dam Jaarsma gie op 'e fyts by al dy minsken del en krige troch syn ynnimmende hâlding safolle fertrouwen dat se him fanalles fertelden. Foarbylden binne Andries Bijma (Boelensloane) of Gees Kobus vd Zee (Nijegea) Folkert de Haan (Aldegea) Likele Hamstra (Harkema) Lys Heringa- vd Meulen (Westereen) Siets A. Veenstra (Rottefalle) en Geertje de Jong- de Jong (de Pein) Ruurd vd Meer (Eastermar) en dus nòch sa'n 752 nammen!

 

Elke saterdeitemiddei oant en mei 13 septimber is der fan 13.30 oere oant 16.30 oere in nijsgjirrige eksposysje yn de Kjelllingen en ek yn it Koetshûs (Swartewei) yn Eastermar. De namme: Dam Jaarsma, samler foar it neiteam.

 

Elk is fansels fan herte únoege en mear as wolkom op dizze ekposysje. Mar it liket ús hielendal prachtich om neiteam fan Dam Jaarsma syn ynformanten te ûntfangen. Hat jo pake of oerbeppe, tante of in oar famyljelid of miskien wol buorfrou ferhalen ferteld oan Dam Jaarsma? Dan wolle wy jo ekstra útnoegje om de eksposysje te besjen en yn de neiboude wenkeamer fan Dam Jaasrma te sitten, dêr't hy oan dy tafel de ferhalen fan jo kunde of famyljelid kreas yn in boekje opskreau. De postsegelboekjes dy 't hy brûkte binne gewoan yn te sjen lykas syn lêste agenda. Dat wie trouwens in dútske agenda. Miskien erges fergees krigen?

 

Der binne op de eksposysje ek in protte saneamde objekten te sjen. Yn it Koetshûs is dat stienneguod en porsleinguod. Foar de samling krige of kocht Jaarsma ek wol guod fan syn ynformanten. Wa wyt stiet dit te besjen yn de eksposysje en herkenne jo it.

 

Dam Jaarsma fytste alles ôf yn Fryske Wâlden, dat te fier kin it foar jo net wêze om ôf te reizgjen nei Eastermar! Wat wy ek nijsgjirrich fine: hat jo foarâlder it fertel-gen ek trochjûn?

 

Sa sil it dan hielendal wierwurde: Jo as neiteam komme op dizze wize yn oanrekking mei Dam Jaarsma, samler foar it neiteam.

 

Groetnis,

 

Út namme fan

Stifting 100 jier Dam Jaarsma

Martsje Mud

 

Website:www.damjaarsma.nl
Twitter:@100jrDamJaarsma
Facebook:www.facebook.com/damjaarsma

Top