Op woansdei 4 maaie wie it om 20.00 oere stil... Stil yn hiel Nederlân, stil ek yn Sumar.
Wy stiene mei elkoar stil by de Molkbus oan de Knillis Wytseswei om de Nederlânske slachtoffers te betinken sûnt de twadde wrâldkriich en lettere oarlogssituaasjes en vredesoperaasjes.

Foar it earst hawwe wy, de kommisje 4 maaie betinking, dizze betinking nammens Dorpsbelangen Sumar organisearre. Yn febrewaris wie de earste fergadering en yn de fergaderingen dêrnei krige de betinking hieltyd mear foarm. Minsken waarden frege om ús te helpen en it draaiboek waard úttocht, ja op de sekonde nei, om it om 20.00 oere presys stil wêze te litten. It waard in weardige betinking wêryn de stilte fielber wie.

Wy wolle ek hjir op Sumar.nl nochris ús tank útsprekke oan eltsenien dy't holpen hat om de betinking te realisearjen, sawol yn de oanrin nei de betinking ta en tidens de betinking. Wy neame gjin nammen, elts wit syn of har rol yn dizze.

Ek jo en jimme oanwêzichheid as belangstellenden by de betinking wie fan grutte wearde. Meiïnoar stil stean yn frijheid is in grut rjocht. Wy hope ek it oare jier hjir wer mei elkoar stil te wêzen, want rjocht en frijheid moatte jo hoedzje.

Kommisje 4 maaie betinking Sumar

IMG 4963

IMG 4964

IMG 4966

IMG 4967

Top