Stipe foar ûnderwiis en doarpskranten

Yn it nije beliedsplan Frysk docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders konkrete beliedsútstellen om de posysje fan it Frysk yn Tytsjerksteradiel te ferbetterjen. It giet dan bygelyks om útstellen om de sertifisearring fan it Frysk yn berneopfang, it stypjen fan it Frysk yn it ûnderwiis en it befoarderjen fan it Frysk skriuwen fan redaksjes fan doarpskranten en doarpswebsides troch it ynstellen fan in nije priis.

 

“De doelstelling fan it Frysk taalbelied is it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal yn Tytsjerksteradiel,” seit wethâlder Houkje Rijpstra. “Dat dogge wy troch de taal linich en posityf ta te passen. Us taalbelied is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Wy fine it wichtich dat boargers; amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe en fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan inoar.”

Bernesintra
Meartalich opgroeien is in wichtich elemint yn de berne(taal)ûntwikkeling. De gemeente wol dat graach stimulearje en fasilitearje. Yn gearwurking mei it SFBO (Stichting Frysktalige Berne Opfang) wol de gemeente bernesintra helpe by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar bern. It Kolleezje stribbet dernei dat op syn minst 80% fan de bernesintra sertifisearre binne foar de útfiering fan it taalbelied.

Underwiis
De gemeente trunet de basisskoallen oan om it Frysk heger op de aginda te setten en omtinken te jaan oan de eigen skiednis en kultuer. Yn it fuortset ûnderwiis wol de gemeente it Frysk as eksamenfak stimulearje. Foar it primêr ûnderwiis wol it kolleezje jierliks in bydrage beskikber stelle foar de oanskaf fan Fryske boeken.

Doarpskranten en doarpswebsides
Yn doarpskranten of op doarpswebsides wurdt noch faak yn it Nederlânsk skreaun. De gemeente Littenseradiel hat in priis ynsteld foar it bêste Frysktalige redaksjonele stik. Sa’n priis wol it kolleezje no ek yn Tytsjerksteradiel yn it libben roppe.

Gemeenterie
Om it belied út te fieren wurdt de gemeenterie frege jierliks in ekstra bedrach fan € 7.500 beskikber te stellen. Op 13 july sil de rie it Beleidsplan Frysk beprate.

Top