Samar binne dêr 40 jier om. Ôfrûne hjerst bestie de folksdûnsgroep 40 jier. Troch omstandichheden hawwe wy op die datum gjin feest hân. Dat hawwe wy in moanne wat letter wol dien. Mei ús groep fan 16 leden binne wy lykwols dêr net gerest op dat wy noch lang bestean kinne. De gemeente, as subsidie jouwer, hat ús witte litten dat wy yn de rin fan dit jier sels de broek ophâlde moatte. Sy geane ferby oan it gegeven dat dit soarte fan groepen oprjochte binne, mar ek ynstân hôlden binne, om de âlderein yn beweging te hâlden. Hoe no fierder? Wy litte it jimme witte fia dit medium en fia de Koekkoek

Trochsetters

Foarste rige: Jannichen Schievink, Hennie Bouma, Mintsje Deinum, ús liedster Tsjamke Bergsma (ek al 25 jier ú liedster), Sjoukje Boonstra, Elske Bouma.

Twadde rige: Hieke Hoekstra, Eeke Krol, Klaske Bos, Albertsje Kooistra, Tsjeard Hoekstra, Hillie Hoekstra, Julia de Jong, Geartsje de Jong, it spantsje Lena en Eize Kloosterma en Jan Deinum.

Oprop

Sa as de measte verenigingen hawwe wy ferlet fan nije leden.

By nammen in pear manlju soe net ferkeard wêze.

Top